**1.** Is in stik yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting;
**2.** Foar in oersetting as bedoeld yn it earste lid wurdt gjin fergoeding frege;
**3.** Fan de bepaling yn it foargeande lid kin ôfweken wurde;
**4.** By in Nederlânske oersetting fan stikken dy’t allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst, yngefal fan ynterpretaasjeferskillen, de trochslach.
Artikel 6
Oersettingsregeling
Onderdeel van Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Súdwest Fryslan