**1..** Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting.
**2..** Foar in oersetting as bedoeld yn it earste lid wurdt in fergoeding frege.
**3..** By in wiermerke Nederlânske oersetting fan stikken dy’t allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst, yngefal fan ynterpretaasjeferskillen, de trochslach;
**4..** It bedrach fan de fergoeding wurdt berekkene op grûn fan bepalings út de leezjes-oardering, mar mei net mear wêze dan de kosten.
**5..** In oersetting as bedoeld yn it earste lid, wurdt fergees jûn as it giet om:
de notulen fan de gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan, en it belang fan de fersiker streekrjocht belutsen is by wat notulearre is, of de notulen fan in fertsjintwurdigjend orgaan, as yn dy notulen algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels fêststeld binne.
in beslút of oare hanneling wêrby't de fersiker belanghawwende is.
Artikel 6:
oersettingsregeling
Onderdeel van Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel