Naar hoofdinhoud

Artikel 4

Oersetregeling

Onderdeel van Taalferoardering Frysk gemeente Noardeast-Fryslân

Yn it gefal dat in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal. As in stik yn it Nederlânsk opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn it Frysk. De gemeente kin in fergoeding foar it oersetten freegje. De oersettings wurde fergees levere as it giet om: a. de notulen of beslutelisten fan in gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan en: • de oanfreger in streekrjocht belang hat by wat notulearre is, of • it om it fêststellen fan algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels giet; of b. as it oer in beslút of hanneling giet dêr’t de oanfreger streekrjocht belanghawwende by is. Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen jout de tekst yn it oarspronklike stik de trochslach.

Rechtspraak bij dit artikel