**1..** Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.
**2..** De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar meartaligens. Fan dat útgongspunt wurdt ôfwykt as:
it bestjoersorgaan dêr yn in konkreet gefal foar kiest;
by skriftlike kommunikaasje mei nije ynwenners (yn it Nederlânsk);
by publikaasje fan parseberjochten (yn it Nederlânsk);
**3..** By de taalkar yn in spesifike sitewaasje hâlde de bestjoersorganen rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.