Naar hoofdinhoud

Artikel 3:

Skriftlik ferkear

Onderdeel van Taalferoardering Frysk De Fryske Marren

1.. Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal, de Nederlânske taal, of yn beide talen. 2.. De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje. 3.. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stimulearret dat de troch har of ûnder har ferantwurdlikens opstelde stikken en stikken rjochte oan de gemeenteried yn de Fryske taal steld wurde. 4.. Oars as yn artikel 3, lid 1 brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden dêr't de gemeente in yntinsjeferklearring oangeande it gebrûk fan it Frysk yn it skriftlike ferkear mei sletten hat.

Verwijzingen

Rechtspraak bij dit artikel