Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 6 › Paragraaf 6.1

Artikel a.

Pjutte-opfang en Frysk

Onderdeel van Frysk as it heal kin

Yn de pjutteboartersplakken en de berne-opfang yn ús gemeente, wurdt it Frysk op ferskate wizen brûkt. By de Stichting Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat wurdt taalbelied fierd. Mei de pjutten wurdt troch de fêste lieding Frysk of Nederlânsk praat. De juf dy’t steefêst Frysk praat, lêst in Frysk ferhaaltsje foar, de bern leare Fryske sankjes, troch in feste metoade. De Nederlânske juf docht dat yn it Nederlânsk. Bern leare sa yn twa talen. De 7 pjutteboartersplakken fan de Stichting binne sertifisearre. Yn it eardere Lemsterland wurdt op in inkel pjutteboartersplak Frysk praat tsjin bern dy’t Frysk prate. Der wurdt net sasear wurke mei fêste metoaden. Doomijn, de nije útfierder fan it pjuttewurk yn fh. Lemsterland, is wol ree om yn gearwurking mei it SFBO mear omtinken oan it Frysk yn de pjutteboartersplakken te jaan. Yn fh. Skarsterlân wurdt op de pjutte- en berne-opfang fan SKIK al in protte omtinken oan it Frysk jûn. Dizze organisaasje fiert bewust meartaligens yn en wurdt derby stipe troch SFBO. Op 7 fan de 9 lokaasjes hat it sertifisearjen al west. Ek yn har personielsbelied hâldt SKIK rekken mei twataligens. Gearwurkje mei de bibleteek jout de pjutte-opfang mooglikheden om op ’e hichte te bliuwen fan Frysktalige boekjes, dy’t brûkt wurde kinne om foar te lêzen.

Rechtspraak bij dit artikel