Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 6 › Paragraaf 6.1

Artikel b.

Underwiis

Onderdeel van Frysk as it heal kin

No’t de measte bern yn de pjutte-opfang it Frysk oanrikt krije, is it goed dat dit op de basisskoalle in ferfolch krijt. Benammen om’t meartaligens goed foar de taalûntwikkeling fan it bern is. Oer it generaal kin men sizze dat de skoalbestjoeren oan de (minimum) wetlike easken oangeande it Frysk foldogge. Útsein de trije skoallen der’t in hiel bewuste kar makke is foar meartaligens, is der in grut ferskaat oan hoe’t skoallen omgeane mei it Frysk. Gemeenten hawwe yn it ferline jild beskikber steld foar de ynfiering fan “Studio F” as taalmetoade Frysk yn it basisûnderwiis. De skoallen binne mei Studio F bekend. De skoallen fan CBO Meilân hawwe taalbelied, en wurkje mei de Fryske Taalrotonde as lesmetoade. Alle skoallen jouwe minimaal 1 oere Frysk yn ’e wike oan alle groepen. Der is in netwurk fan taalkoördinatoren. By de skoallen fan Nije Gaast wurdt faaks ‘folgjend’ it Frysk brûkt: praat in bern fan hûs út Frysk, dan praat de juf fan groep ien en twa Frysk mei it bern. Yn de hegere groepen wurdt it Nederlânsk de standert taal. Yn elke groep wurdt Frysk jûn. By de “Gearhing” skoallen wurdt oeral al Frysk jûn, it tal minuten yn ’e wike ferskilt per groep en net altyd wurdt dêrfoar in fêste metoade sa as ‘Studio F’ brûkt. By Primus wurdt op alle skoallen oandacht oan it Frysk jûn. Faaks brûkt men der ‘Studio F” as metoade. De 3 katolike skoallen fan de Bisschop Möllerstichting brûke foar it Frysk meastentiids ‘Studio F’ en oar Afûk-materiaal. Alle groepen krije Frysk. ’t Klimmerblêd hat foar de beukergroepen in Fryske middei.

Rechtspraak bij dit artikel