Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 1.

Artikel 1.1

Ynternasjonaal

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

Nederlân hat him as lidsteat fan de Ried fan Europa ferplichte om it Frysk te beskermjen en te befoarderjen troch de ratifikaasje fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Dêrnjonken hat Nederlân it Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen ratifisearre. Krekt dat dokumint biedt in stevich fûnemint foar taalbelied foar ûnder oaren Fryske gemeenten. Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen It Hânfest is in unyk ferdrach tusken de steaten dy't oerienkommen binne om te wurkjen oan in takomst dy't geunstich is foar talen. It jout sekuere hânfetten foar it beskermjen en befoarderjen fan minderheidstalen yn it deistich libben. Fan de lidsteaten wurdt frege om noed te stean foar it ûnderwiis yn de regionale of minderheidstaal, foar foarsjenningen yn de media lykas krante, radio en telefyzje, mar ek foar foarsjenningen yn it iepenbier bestjoer.

Rechtspraak bij dit artikel