Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 1.

Artikel 1.2

Nasjonaal

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

Nederlân hat it Frysk yn 1970 offisjeel erkend yn it rapport fan de kommisje Friese Taalpolitiek. Fan dat stuit ôf hawwe der ferskate wetten en ôfspraken west dy't de posysje fan it Frysk boargje. Hjoed de dei binne benammen de Wet gebrûk Fryske taal en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer fan belang. Wet gebrûk Fryske taal Earder wie de posysje fan it Frysk yn de Algemiene wet bestjoersrjocht en de Wet Frysk yn it rjochtsferkear regele. De Wet gebrûk Fryske taal, dy’t fan 2014 ôf fan krêft is, bondelet dy beide eardere wetten en fersterket de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlike ferkear. Utgongspunt dêrby is it waarboargjen fan de likense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk. De taalwet ferankeret tagelyk de posysje fan it Orgaan foar de Fryske taal, mei wetlike taken oangeande de beskerming en befoardering fan it Frysk. Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer Yn 2013 is de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) troch ryk en provinsje ûndertekene. Yn de BFTK steane foar de kommende fiif jier ôfspraken dy't de Fryske taal en kultuer befoarderje op it mêd fan ûnder oaren ûnderwiis, oerheden, media en kultuer, soarch en wolwêzen en ynternasjonale útwikselingen. De BFTK is in útwurking fan ferdrachsferplichtingen foar de Fryske taal en kultuer oer it ynternasjonale ferdrach en hânfêst. It wurdt om de safolle tiid opsteld en leit de mienskiplike ferantwurdlikens fan ryk en provinsje foar de Fryske taal en kultuer fêst.

Rechtspraak bij dit artikel