Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 5.

Artikel 5.3

Fuortset ûnderwiis

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

Foar skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân makket it Frysk diel út fan de basisfoarming dy’t sûnt 1993 bestiet. Skoallen kinne op dit stuit frijwillich kieze foar it brûken fan it Frysk as ynstruksjetaal. Foar de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis is it Frysk ferplicht. Sûnt 1989 hawwe skoallen foar fuortset ûnderwiis de mooglikheid om it Frysk as eksamenfak oan te bieden. Freemwurk en Searje 36 Freemwurk biedt de learling de mooglikheid om oan de hân fan autintike sitewaasjes syn mûnlinge en skriftlike taalfeardichheid op in heger nivo te bringen. Om’t learlingen mei Freemwurk benammen selsstannich leare, kin elke learling, Frysktalich of net, yn syn eigen tempo en op syn eigen nivo oan it wurk. Searje 36 is in nije digitale lesmetoade foar it fuortset ûnderwiis. De metoade bestiet út lesmateriaal fan ûnder oaren de metoade Freemwurk en edukative games. LinKk De tema's dy't yn boppesteande metoades oan 'e oarder komme, binne keppele oan de tema's yn it tydskrift LinKk en de LinKk-televyzjeútstjoerings. It tydskrift LinKk hat in ferskaat oan artikels, ynterviews, foto's en popnijs. LinKk hat ek in eigen webside. Twa skoallen foar fuortset ûnderwiis wurkje mei de nije metoade Searje 36. Ien skoalle makket noch gebrûk fan de metoade Freemwurk en it tydskrift LinKk.

Rechtspraak bij dit artikel