Yn it primêr ûnderwiis is it Frysk as fak wetlik ferplichte. Op 31 maart 1998 is de ‘Wet op het Primair Onderwijs’ fan krêft wurden, dêr't ek de bepalings oangeande it fak Frysk en it brûken fan it Frysk as fiertaal yn opnommen binne. Op alle skoallen yn Achtkarspelen wurdt omtinken jûn oan it Frysk. De wize wêrop ferskilt per skoalle.
Studio F en Spoar 8
Studio F is in learmetoade dy't rjocht docht oan de yndividuele (taal)mooglikheden fan de learling. It pakket is basearre op kearndoelen Frysk mei in trochrinnende learline.
Spoar 8 is in nije digitale metoade foar Frysk yn it primêr ûnderwiis. Dizze metoade is tematysk opset. De Fryske les kin dêrtroch altyd oanslute by tema’s dêr’t al oan wurke wurdt yn ‘e klas. Foar de ûnderbou binne by de tema’s Fryske ferhalen, ferskes, printeboeken en filmkes beskikber. By de hegere groepen wurdt der bygelyks wurke mei edukative games. It materiaal is ûntwikkele yn it ramt fan in trochgeande learline.
Seis basisskoallen yn Achtkarspelen meitsje op dit stuit gebrûk fan Spoar 8. De oare skoallen brûke no noch Studio F, mar in soad skoallen wolle takom jier oerskeakelje op Spoar 8.
Trijetalige skoalle
De trijetalige skoalle is útfierd nei it foarbyld fan trijetalich ûnderwiis yn oare Europeeske regio’s mei in minderheidstaal. Yn de Fryske fariant wurdt systematysk les jûn yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. De ûnderwiistiid foar alle talen is strak ferdield om betizing foar te kommen. Doel fan trijetalich ûnderwiis is it ferheegjen fan de kwaliteit fan it ûnderwiis, benammen foar it Frysk en it Ingelsk, sadat de learlingen oan de ein fan de basisskoalle de offisjele fêststelde kearndoelen yn alle trije talen berikt hawwe.
Yn ús gemeente binne trije (iepenbiere) basisskoallen trijetalich sertifisearre. Stichting Roobol wol dat al har skoallen trijetalich binne en hat dat yn har beliedsplan opnommen.