Aktiviteitebegelieders organisearje ferskate aktiviteiten foar bewenners fan soarchsintra, sawol ûntspannings- as terapeutyske aktiviteiten. Talige aktiviteiten (foarlêze, fertelle, libbensferhalen, lêsgroepkes) foarmje in hieltyd wichtiger elemint. Yn ‘e âldereintehuzen en by ynstânsjes foar wolwêzen foar de âlderein yn ús gemeente brûke hja it Frysktalich materiaal ‘Dat wie doe sa’ fan de Afûk. De produkten prikelje âlderein ta in reaksje. Ferhaaltsjes, gedichten, foto’s, fideo’s en muzyk beljochtsje in ûnderwerp fan alle kanten en jouwe oanlieding ta reaksjes en ferhalen.