By it jaan fan yndividuele begelieding en help by it húshâlden wurdt rekken hâlden mei de thústaal fan de kliïnt. De kearn fan de Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo) is it petear tusken in boarger mei in helpfraach en de gemeente. By dat petear sykje beide partijen tegearre nei oplossingen fan de problemen. Foar in goed petear is it praten fan deselde taal wichtich. Yn it begjin fan it petear wurdt dêrom altiten hifke hokker taal oft de boarger prate wol en foarsafier it mooglik is, slút de fertsjintwurdiger fan de gemeente dêrby oan. By de oanbesteging fan soarch is der oandacht foar it Frysk. De meiwurkers mei klantekontakten moatte it Frysk yn elts gefal ferstean kinne en aktive behearsking fan it Frysk is in pree. As de klant wol dat by húshâldlike wol de meiwurker ek Frysk prate kin, dan wurdt dêr rekken mei hâlden.