Taal en kultuer bynt minsken. Se binne dan ek net los faninoar te sjen. Beide binne it wichtige pylders fan wat as it ‘Fryskeigene' oantsjut wurdt. Yn ferskate (kulturele) uterings komt de taal folslein ta syn rjocht en dat is wichtich foar de fierdere groei en ûntwikkeling fan de taal. De rykdom fan de Fryske taal komt bygelyks dúdlik ta utering by doarpsfeesten, biblioteken en it (doarps)toaniel. Nei oanlieding fan ús kultuernota binne der de ôfrûne jierren ferskate aktiviteiten útfierd dêr't de Fryske taal en kultuer in wichtige rol yn spylje. De gemeente hat by dizze aktiviteiten in inisjearjende rol. Dêrneist jout de gemeente subsydzje foar eveneminten dêr't it Frysk in rol yn spilet.
Wâlddichter Achtkarspelen
Om it kulturele en literêre libben yn ús gemeente te stimulearjen hat de gemeente Achtkarspelen sûnt 2009 in doarpsdichter, de Wâlddichter Achtkarspelen. De doarpsdichter skriuwt op fersyk of op eigen inisjatyf (Frysktalige) gedichten en draacht se foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten wurde pleatst op ús webside en yn hûs-oan- hûsblêd Actief. De Wâlddichter Achtkarspelen is oansteld foar twa jier en nei ôfrin fan dizze perioade komt der in dichtbondel mei alle gedichten. Nei Sytse van der Werf, Ate Grypstra en Suzan Bosch is no Meindert Talma ús Wâlddichter/Wâldsjonger.
Kulturele inisjativen
De gemeente hat ferskate kulturele aktiviteiten inisjearre, lykas:
in ansichtkaartemapke mei keunstwurken en ryksmonuminten yn ús gemeente mei dûbeltalige ynformaasje: ‘Achtkarspelen op ‘e kaart’;
in cd mei Frysktalige folksferhalen út Achtkarspelen: ‘Erfguod fan juster foar hjoed’;
Frysktalige skriuwwedstriid ynspirearre op de folksferhalen, mei as resultaat in boekje mei tsien folksferhalen (Taalbeliedspriis 2013).
Kulturele eveneminten
Neist in inisjearjende rol kin de gemeente it Frysk ek stimulearje troch it jaan fan subsydzje foar ferskate eveneminten mei in Frysktalich karakter. Hjirby kin tocht wurde oan it Iepenloftspul yn De Harkema, Jan Ritskes Poëzijjûn yn Twizel en de Simke Kloostermanpriis, de trijejierlikse priis foar Frysktalige jeugdliteratuer.
Toanielferienings yn ús gemeente krije jierliks in subsydzjebedrach. De toanielferienings jouwe yn it generaal ien of twa kear in foarstelling it jier. Dizze toanielstikken binne altyd yn it Frysk.
Biblioteek
De biblioteek hat in kolleksje Fryske boeken en hâldt elts jier Fryske literêre jûnen. Dêrneist organisearret de biblioteek ferskate Fryske lêsbefoarderingsaktiviteiten, lykas yn de Fryske Foarlêswike en yn it ramt fan Tomke. Fia it projekt Boekstart krije jonge âlders ynformaasje oer foarlêzen en meartaligens.
Kursussen Frysk
De Afûk organisearret alle jierren kursussen Frysk foar boargers. Dit binne bygelyks de kursussen Praat mar Frysk, Lear mar Frysk en Skriuw mar Frysk. De gemeente subsidiearret dizze kursussen. De dielname oan dizze kursussen is wikseljend, fan ûngefear tsien oant sawat tritich kursisten it jier.
Dêrneist hat de gemeente, yn gearwurking mei gemeente Tytsjerksteradiel, dit kursusjier in kursus Frysk skriuwen subsidiearre foar kulturele en sportferienings, ferienings pleatslik belang en de redaksjes foar doarpskrantsjes/doarpswebsides. Dêr ha fiif minsken oan meidien.
Kultuertoerisme
Achtkarspelen hat net allinne foar syn eigen ynwenners wat te bieden, ek foar minsken fan bûten de gemeente is in besite oan it lânskip en ús doarpen tige de muoite wurdich. Omtinken foar it Frysk past dêr goed by. It Frysk wurdt sjoen as ûnderdiel fan it toeristysk en rekreatyf produkt. Inkele inisjativen:
By it fytspaad by de Twizelerfeart lâns is in twatalich boerd pleatst mei ynformaasje oer ‘de njoggen âlde mantsjes’.
By it fytsrûtenetwurk yn ‘e gemeente lâns binne Fryske gedichten pleatst. Nei oanlieding dêrfan is de gedichtebundel ‘It lânskip en syn poëzij’ útjûn.
Yn 2012 binne der tolve stekjes (moetingsplakjes) pleatst yn Noardeast Fryslân, yn alle gemeenten twa. Yn ús gemeente stiet it stekje 'Foar de duvel net bang' yn De Harkema en it 'Laarzenbankje' yn Twizel. By de stekjes steane twatalige buordsjes.
Yn it ramt fan it 675-jierrich bestean fan Achtkarspelen is it boekje ‘Historische fietsroutes in Achtkarspelen’ útjûn, mei omtinken foar it Frysk.