**1..** Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.
**2..** De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar twataligens.
**3..** By de taalkar yn in spesifike situaasje hâlde de bestjoersorganen rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.