**1..** Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal of de Nederlânske taal.
**2..** De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje.
**3..** Oars as yn it earste lid brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden dêr’t de gemeente in yntinsjeferklearring oangeande it brûken fan it Frysk yn it skriftlik ferkear mei sletten hat.
Artikel 3
Skriftlik ferkear
Onderdeel van Feroardering fan de ried fan Achtkarspelen oer it gebruk fan de Fryske taal 2017