Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 1.

Artikel 1.3

Provinsjaal

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

It provinsjaal bestjoer hat in eigen rol en ferantwurdlikens as it giet om it yn stân hâlden en befoarderjen fan de Fryske taal en kultuer. Beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2020’ Yn de beliedsbrief ‘Mei hert, holle en hannen 2017-2020’ hat de provinsje it belied fêststeld op it mêd fan kultuer, taal, ûnderwiis en sport. De folgjende fiif haadlinen steane sintraal: Partisipaasje fuortsterkje (foar elkenien, mei elkenien) Edukaasje ferbreedzje en ferdjipje (in libben lang leare) Ynnovaasjes stimulearje en fasilitearje (oars as oars) Leefberens befoarderje Sichtberens fan ús krewearjen fergrutsje Dizze fjouwer jier steane yn it teken fan in provinsje dy’t yn ‘e mande mei ynwenners, ynstellings, de gemeenten en de ryksoerheid oan in libben en krêftich Fryslân wurket. In Fryslân mei kleur en smaak. Deltaplan Frysk Dêroerhinne wurdt it Deltaplan Frysk yn it wurk set. It Deltaplan Frysk kent de neikommende ûnderdielen: Útfiering taalwetjouwing: aktyf befoarderjen fan de ymplementaasje fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear en rjochtsferkear en it fersterkjen fan it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Basisfoarsjenning foar de trochgeande meartalige learrûte. Digitale helpmiddels Frysk: breed oanbod fan digitale tapassings op ICT-platfoarms en sosjale media. Lân fan taal: brede programmearring fan alle taal- en kultuerinisjativen yn Fryslân.

Rechtspraak bij dit artikel