Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 2.

Artikel 2.1

Taalsituaasje yn Achtkarspelen

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

De provinsje Fryslân hat yn 2007, 2011 en 2015 de Fryske taalatlas útbrocht. De taalatlas jout in oersjoch fan de Fryske taal ûnder de ynwenners fan Fryslân. De measte ynformaasje yn de taalatlas komt út grutskalich taalûndersyk dat de provinsje útfierd hat ûnder de ynwenners fan de provinsje. Yn 2015 binne der 28.000 fragelisten ferstjoerd; de respons wie sa'n 35%. Dêrmei is de hifking represintatyf te neamen. Yn ûndersteande tabel fergelykje wy de taalsituaasje yn Achtkarspelen mei it gemiddelde yn Fryslân, yn 2007, 2011 en 20153Sjoch taheakke 3: Taalsituaasje Achtkarspelen 2015 – inkele sifers. Taalsituaasje Achtkarspelen - Fryslân Achtkarspelen Fryslân 2007 2011 2015 2007 2011 2015 Frysk as memmetaal 74% 77% 77% 54% 54% 55% Frysk ferstean 93% 95% 93% 84% 85% 85% Frysk prate 82% 86% 87% 64% 64% 67% Frysk lêze 48% 54% 58% 46% 49% 52% Frysk skriuwe 10% 14% 15% 10% 12% 15% Sprektaal Frysk tsjin partner 74% 76% 72% 44% 45% 46% Sprektaal Frysk tsjin bern 87% 77% 72% 48% 48% 48% (boarne: Provinsje Fryslân, De Fryske taalatlas: Fryske taal yn byld) Inkele konklúzjes: Mear as 75% fan de ynwenners fan Achtkarspelen hat it Frysk as memmetaal. Hast eltsenien yn Achtkarspelen kin it Frysk goed oant tige goed ferstean. Mear as 80% fan de boargers yn Achtkarspelen praat goed oant tige goed Frysk. Mear as de helte fan de ynwenners fan Achtkarspelen kin it Frysk goed oant tige goed lêze. Sa'n 15% kin it Frysk goed oant tige goed skriuwe. De behearsking en it brûken fan it Frysk is op elts mêd better en mear as trochsnee yn Fryslân, benammen op it mêd fan it Frysk as memmetaal en it Frysk praten. De behearsking en it brûken fan it Frysk yn Achtkarspelen is op elk mêd sawat gelyk bleaun yn 2015 fergelike mei 2011. Frysk as sprektaal tsjin de partner is wat leger as 2011, mar folle heger as it Frysk gemiddelde. Frysk as sprektaal tsjin de bern is yn 2015 5% leger as yn 2011, mar noch altyd folle heger as it Frysk gemiddelde.

Rechtspraak bij dit artikel