Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 2.

Artikel 2.2

Taalsituaasje yn de gemeentlike organisaasje

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

Yn maart fan 2017 is oan alle meiwurkers fan de trije amtlike organisaasjes frege om in enkête Frysk yn te foljen. De respons op de enkête wie goed, 47% fan de meiwurkers hat de enkête ynfold. Ut de enkête docht bliken dat4Sjoch taheakke 4: Enkête Frysk meiwurkers gemeentlike organisaasje – inkele sifers: alle respondinten it Frysk ferstean, wêrfan 96% it Frysk goed oant poerbêst ferstiet. 70% praat it Frysk goed oant poerbêst, 13% praat gjin Frysk. 65% fan de meiwurkers kin goed oant poerbêst Frysk lêze, 2% kin net Frysk lêze. 22% skriuwt it Frysk goed oant poerbêst, 35% kin gjin Frysk skriuwe.

Rechtspraak bij dit artikel