Us taalbelied wurdt ien kear yn de fjouwer jier hifke. Wy evaluearje it foarlizzende belied en as it nedich is, passe wy it oan. Wy sjogge ek nei nije wetlike bepalings op it mêd fan taalbelied dy't in wiziging nedich meitsje.
Taalferoardering
Yn april 2017 hat de gemeenteried de ‘Taalferoardering Frysk gemeente Achtkarspelen 2017’5Sjoch taheakke 5: Taalferoardering Frysk gemeente Achtkarspelen 2017 fêststeld. Mei dizze feroardering meitsje wy ekplisyt op hokfoar wize de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik en mûnling ferkear. De feroardering docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens. Yn de feroardering is fêstlein dat de bestjoersorganen fan de gemeente frij stiet om sels de kar te meitsjen foar it brûken fan de Fryske of de Nederlânske taal, foar safier't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.
Koördinator Frysk
Achtkarspelen hat in beliedsmeiwurker dy’t har dwaande hâldt mei it Frysk taalbelied. Dêr is 0,1 fte foar beskikber. Wy besykje ûnderdielen fan de taalnota safolle mooglik ûnder te bringen by de ferskillende ôfdielingen.