Funksje-easken personiel
Foar de kwaliteit fan ús tsjinstferliening is it Frysk binnen ús organisaasje fan grut belang. Yn 'e fakatueres fan 'e gemeente nimme wy as eask op dat hja in positive hâlding oangeande de Fryske taal ha. Ofhinklik fan de funksje kin dit bygelyks beneamd wurde as ‘(passyf) behearskjen fan de Fryske taal is winsklik‘. Yn de sollisitaasjepetearen komt it Frysk ferstean altyd oan 'e oarder. By like geskikte kandidaten jout it Frysk de trochslach. Minimumeask foar it personiel is dat hja it Frysk ferstean en, ôfhinklik fan de funksje, lêze kinne. Of dat hja ree binne om yn elts gefal it Frysk passyf yn ‘e macht te krijen.
Kursussen Frysk
Alle jierren krijt it personiel de mooglikheid om ferskate kursussen Frysk te folgjen. Yn it kursusjier 2016/2017 ha seis meiwurkers de kursus PraatmarFrysk folge, seis meiwurkers SkriuwmarFrysk 1 en trije meiwurkers de Opfryskkursus.
Taalomtinkers
Foar de trije amtlike organisaasjes binne seis taalomtinkers oanwiisd foar it oersetten fan teksten fan it Nederlânsk nei it Frysk. De taalomtinkers steane op SharePoint.
SharePoint
Op SharePoint, it netwurk foar it personiel fan de gemeente, stiet ynformaasje oer it Frysk taalbelied. Hjir stean bygelyks in Taalhelp yn Word foar it skriuwen fan it Frysk, de taalapp
‘Watwurdit’ en de dokuminten oer it Frysk taalbelied, lykas de Taalferoardering en de Nota Frysk taalbelied.