Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 4.

Artikel 4.3

Klantekontakten

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

De boarger kin sawol it Frysk as it Nederlânsk brûke. Meiwurkers prate foar safier mooglik werom yn de taal dy’t de boarger brûkt. Wy wolle de boargers ek útnûgje om it Frysk te brûken. By de baly is materiaal fan PraatmarFrysk goed sichtber. Telefoan As boargers it algemiene telefoannûmer fan de gemeente skilje (14-0511), dan hearre sy in Fryske wolkomsttekst. Dêrnei nimt de resepsje de telefoan op yn it Frysk. De minsken kinne no sels yn it Frysk of it Nederlânsk fierder prate. Skriftlike korrespondinsje As der in brief yn it Frysk by de gemeente komt, beäntwurdzje wy dy yn it Frysk (folgjend taalbelied). It giet om sa'n fyftjin brieven yn it jier. As de behanneljend amtner sels it Frysk net behearsket, dan kin hy of sy in taalomtinker freegje foar it oersetten fan brieven yn it Frysk. Yn foarkommende gefallen kin it gemeentebestjoer, nei ôfweaging fan de belangen fan de adressearde(n) en de gemeentlike organisaasje, op eigen inisjatyf Frysktalige brieven ferstjoere. Klachteproseduere By in harksitting krijt eltsenien de kar yn it Frysk of Nederlânsk it wurd te dwaan. As in klacht yn twadde ynstânsje telâne komt by de Nationale Ombudsman, dan kin dizze klacht ek yn it Frysk behannele wurde.

Rechtspraak bij dit artikel