Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 4.

Artikel 4.4

Boargerlike stân

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

Boargersaken Minsken dy't trouwe, kinne kieze foar in houlikstaspraak yn it Nederlânsk of it Frysk. It trouboekje dat it breidspear meikriget, is steld yn it Nederlânsk en it Frysk. Der is in hantlieding oer Fryske taspraken foar babsen. Op grûn fan de 'Wet Gebruik Friese taal in het rechtsverkeer’ meitsje wy sûnt 1 jannewaris 1997 de akten boargerlike stân sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk op. It giet dan bygelyks om in (ûnder)trou-akte, berte-akte of in akte fan ferstjerren. Uttreksels GBA Mei yngong fan 1 augustus 2010 krije boargers standert in dûbeltalich úttreksel, Nederlânsk en Frysk, út de saneamde Gemeentlike Basisadministraasje (GBA). It giet dan bygelyks om in bewiis dat de persoan ynskreaun stiet yn de gemeente, in ferklearring fan yn libben wêzen (attestatie de vita) of in ôfskrift dêr’t de nasjonaliteit fan de persoan út bliken docht.

Rechtspraak bij dit artikel