Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 4.

Artikel 4.5

Riedsgearkomsten

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

De sprektaal yn gemeenteriedsgearkomsten is likegoed Nederlânsk as Frysk. De beslutelisten binne meastentiids yn it Nederlânsk, sitaten wurde wannear’t se yn it Frysk sein binne ek yn it Frysk opnaam yn de beslutelist. De wurklist fan de ried is yn it Nederlânsk opsteld. Riedsútstellen oangeande de Fryske taal of ûnderwerpen mei in Fryskeigen karakter yn it Frysk binne yn it Frysk. Meiwurkers binne frij om oare riedsútstellen ek yn it Frysk te skriuwen. De statyske kopkes fan de formats fan de riedsútstellen binne yn it Frysk. Eed/belofte gemeenteriedsleden Yn 2014 ha 19 fan de 21 riedsleden de eed of belofte ôflein yn it Frysk (90%). Nei ferskate wikselingen ha fan de hjoeddeistige riedsleden 16 fan de 21 riedsleden (76%) de eed of belofte yn it Frysk ôflein. Yn 2010 ha 15 fan de 21 riedsleden de eed of belofte ôflein yn it Frysk (71%). Yn 2006 wie dat persintaazje 62% (13 fan de 21 riedsleden).

Rechtspraak bij dit artikel