Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 4.

Artikel 4.6

Kommunikaasje en foarljochting

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

Ynfopagina Op de gemeentepagina yn hûs-oan-hûsblêd Actief besteegje wy út en troch oandacht oan it Frysk, bygelyks mei de gedichten fan de Wâlddichter. De statyske kopkes op de ynfopagina binne yn it Frysk. Webside De gemeentlike webside hat in Frysktalige side. Op dizze side stiet ynformaasje oer it Frysk taalbelied fan de gemeente en binne bygelyks de nota en feroardering Frysk te finen. Dêrneist is der ynformaasje yn it Frysk oer de alve doarpen en oer ûnderwerpen lykas de histoarje en it lânskip fan Achtkarspelen te finen. Advertinsjes Advertinsjes dy’t yn de kranten steane, binne meastentiids juridysk fan aard, somtiden binne it ynformearjende advertinsjes of rou-advertinsjes. By juridyske advertinsjes is der gjin mooglikheid it Frysk te brûken. By ynformearjende advertinsjes mei dat al, mar op dit stuit binne dy altyd yn it Nederlânsk. Rou-advertinsjes pleatse wy likegoed yn it Nederlânsk as it Frysk. Parseberjochten Parseberjochten stelle wy út en troch yn it Frysk op, bygelyks as de tekst relaasje hat mei de Fryske taal en kultuer. Sitaten fan bestjoerders stelle wy somtiden yn it Frysk op. Taspraak / foarwurd Taspraken en foarwurden stelle wy út en troch yn it Frysk op, meastentiids op fersyk fan de bestjoerder of as de gelegenheid him foar docht. Nije media De gemeente sit op twitter en facebook. Op dit stuit sette wy allinnich (Nederlânsktalige) nijsberjochten op twitter en út en troch in berjocht oer bygelyks in gearkomste. Wy meitsje hast gjin gebrûk fan facebook. Praat mar Frysk 'Praat mar Frysk' is in provinsjale kampanje fan de Afûk mei it doel Friezen bewust te meitsjen fan harren twataligens en harren dêr grutsk op te meitsjen. Sûnt 2008 is ús gemeente oansluten by de Praat mar Frysk-kampanje. Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema is de ambassadeur fan de kampanje foar ús gemeente. Om it Frysk sichtber te meitsjen op sosjale media organisearret it kampanjeteam fan Praat mar Frysk eltse tredde tongersdei yn april de Fryske Twitterdei. Yn septimber 2017 is de ‘Ynternasjonale Social Media Dei’ foar lytse talen. Net allinnich Fryslân docht mei, mar tal fan organisaasjes út mear as tolve oare lannen yn Europa. Ek ús gemeente docht mei. Taalkado foar jonge âlden By oanjefte fan harren bern krije jonge âlden it Taalkado oanbean. It Taalkado hat as doel âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder. Yn it Taalkado sit ûnder oaren in folder mei ynformaasje oer meartalich opfieden, ynformaasje oer Boekstart en de biblioteek, Frysktalige boekjes, in cd mei Fryske ferskes en oare aardichheidsjes. Wolkomstpakket nije ynwenners Nije ynwenners krije in wolkomstpakket mei ynformaasje oer it taalbelied en de twataligens yn Achtkarspelen. Hjirneist sit der yn it wolkomstpakket ûnder oaren de brosjuere ‘Fryslân lân fan taal’, ynformaasje oer de kursussen Frysk fan de Afûk en brosjueres oer de musea en fytsrûtes yn ús gemeente. Ien kear yn ‘e twa jier organisearret de gemeente in ynformaasjegearkomste foar nije ynwenners yn it gemeentehûs. Dan jouwe wy ek it wolkomstpakket mei.

Rechtspraak bij dit artikel