Plaknammen
De plaknammen binne yn it Nederlânsk fêststeld. De kûmbuorden binne likegoed yn it Nederlânsk as yn it Frysk.
Buorskippen
Yn de ried fan 23 juny 1958 binne trije nammen fan buorskippen offisjeel fêststeld: Blauforlaet, Reahel en Reaskuorre. Yn de ried fan 15 septimber 2016 binne de nammen fan de oare buorskippen yn it Frysk fêststeld. Op de kûmbuorden fan de buorskippen komme de kommende jierren allinnich de offisjeel fêststelde Fryske nammen.
Strjitnammen
De strjitnammen yn de doarpen yn ‘e gemeente binne yn it Frysk fêststeld, útsûndere de besteande strjitnammen yn ‘e doarpen Bûtenpost en Surhústerfean. Foar nije bestimmingsplannen yn de lêstneamde doarpen stelle wy de lêste jierren ek Fryske strjitnammen fêst.
Wetternammen
Yn 2004 hat de gemeenteried ynstimd mei it fersyk fan de provinsje Fryslân om de wetternammen yn ús gemeente te ferfryskjen.