Naar hoofdinhoud

Hoofdstuk 5.

Artikel 5.1

Pjutteboartersplakken en berneopfang

Onderdeel van Nota Frysk taalbeleid 2017-2021

De ferantwurdlikens foar it foarskoalsk ûnderwiis is sûnt 1994 desintralisearre nei de gemeenten. Tomke De gemeente subsidiearret it Tomke-projekt. It Tomke-projekt is in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar bern fan 2 oant 5 jier. It hat as doel it befoarderjen fan de lês- en taalûntwikkeling fan bern yn gearwurking mei de âlden. It materiaal fan it projekt bestiet út in lêsmap, boekjes om mei nei hûs te nimmen, posters, ynformaasjebriefkes oer de t.v.-útstjoerings en foarljochtingsgearkomsten foar de pjutteliedsters. Oandacht foar de eigen taal is ien fan de wichtichste útgongspunten fan it Tomke-projekt. Foar alle pjutten is der alle jierren in oar Tomke-boekje en op de televyzje wurde aventoeren fan Tomke útstjoerd. De pjutteboartersplakken en de berne-opfang krije materiaal oanrikt yn it Frysk om it brûken fan de twadde rykstaal te stypjen en te stimulearjen mei oandacht foar de twa- en/of meartaligens. Alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Achtkarspelen wurkje mei Tomke. Sânglêsrige Foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen is de Sânglêsrige ûntwikkele. De rige bestiet út temakaterns foar bern fan 2 oant 5 jier. De programma’s wolle de totale ûntwikkeling fan jonge bern stimulearje. Se hawwe net allinne omtinken foar de taalûntjouwing, mar foar alle ûntwikkelingsgebieten fan de bern. Dus bygelyks ek foar it kreative, it sosjale, it emosjonele, it boartsjen en de motoryk. Alle pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Achtkarspelen wurkje mei de Sânglêsrige. Pjutteboartersplakken foar meartalige ûntwikkeling Hjoeddedei wurdt net mear praat oer in twatalich of Frysktalich pjutteboartersplak, mar leaver oer in pjutteboartersplak (of bernedeiferbliuw) foar meartalige ûntwikkeling. By alle lokaasjes hat it Frysk in fêst en goed plak yn it oanbod (minimaal 60%) en sykje hja, op fersyk en op maat, nei in mooglikheid om it Nederlânsk ek in bewust plak te jaan. De grutte fan dat plak ferskilt fan lokaasje ta lokaasje. Op guon lokaasjes wurdt it oanbean troch in fêste liedster, op oare plakken bygelyks yn ôfbeakene taalaktiviteiten. It toetsen fan de pjutten mei yn de memmetaal dien wurde. Yn ús gemeente binne seis sertifisearre meartalige pjutteboartersplakken. De oare trije binne dêr mei dwaande. Ien bernedeiferbliuw is dwaande mei it trajekt foar sertifisearring.

Rechtspraak bij dit artikel